Copy
Ynformaasje oer muzyk Slachtemarathon 2016
Informatie over muziek Slachtemarathon 2016
Bekijk deze email in je browser

Tige tank foar jim oanmelding as muzikanten foar de Slachtemarathon. Yn dizze mail lizze we graach oan jim út hoe’t de plannen foar de muzyk lâns de rûte der no krekt útsjogge. Om't we dy muzyk dizze kear wat oars organisearje wolle, hawwe we in oantal fragen foar jim.
-----
Bedankt voor jullie aanmelding als muzikanten voor de Slachtemarathon. In deze mail leggen we graag aan jullie uit hoe de plannen voor muziek langs de route er uitzien. En omdat we de muziek deze keer een beetje anders organiseren, hebben we een aantal vragen voor jullie.

Wat binne de plannen?
By de eardere edysjes fan de Slachtemarathon koe elk korps of elke muzykgroep him yndividueel oanmelde foar in plakje lâns de rûte. Dat hawwe jim ek no wer dien en dêr binne we hiel bliid mei! Dit jier wolle we lykwols de muzykprogrammearring krekt wat oars foarm jaan.

Op trije plakken lâns de rûte wolle we dit jier nammentlik graach ferrassende kombinaasjes fan muzikanten del sette. We tinke dan bygelyks oan in korps mei in lokale solist/sjonger/ynstrumentalist, in koar mei in dj, in popband mei in trekzakduo, ensfh.


Op dy trije plakken binne yn totaal 12 fan dy bysûndere kombinaasjes programmeard. De optredens duorje ûngefear 45 minuten.
Wat freegje wy fan jimme?
  • Gean op syk nei dy bysûndere kombinaasjes. Dat meist sels dwaan (dan joust jim as kombinaasje op) of kinst dy as selstannige groep of yndividu oanmelde (dan sykje wy mei jim nei kombinaasjes)
  • Tiid, enerzjy en in iepen blik
  • Tink ek ris oan kombinaasjes mei bygelyks tekstskriuwers of dichters
  • Fynst it nijsgjirrich? Jou dy op!
  • Ek as it neat foar dy is, hearre wy dat graach. Ek dat kin fia de ûndersteande knop. (En ek dan is der in plakje foar jim lâns de rûte!)
  • Reagearje kin oant 21 maart
Lit it witte!
Wat biede wy jimme?
  • Profesjonele begelieding: de nije kombinaasjes krije profesjonele begelieding
  • Profesjoneel lûd op de 3 plakken
  • In erfaring om nea te ferjitten
  • Ynspiraasje
Tink der oer nei of dit by jim past. It is oars as oare jierren en der wurdt wol wat fan jim frege yn in koarte tiid. Mar it wurdt ek in erfaring om nea te ferjitten. Boppedat kinst der – mei troch de profesonele begelieding en de bijzondere combinaties – in soad fan opstekke en nije ynspiraasje opdwaan.

Tekstskriuwers en dichters
Ek tekstskriuwers en dichters binne wolkom. Sy kinne har ek oanmelde fia it formulier. We sille dat fansels ek op oare wizen bekend meitsje.
Fragen en antwurden

Wat as wy dit net wolle?
As jim dit net wolle, binne der ek gewoan in oantal plakken lâns de rûte dêr’t it krekt sa giet as oare jierren.
 
Meie wy sels de kombinaasjes meitsje?
Wy binne benijd nei jim eigen ideeën, dus lit dy foaral oan ús witte! We besykje elkenien dy’t entûsjast is in moai plak te jaan. Ek ast net fuortdaliks in kombinaasje witst, kinst dy dus oanmelde.
 
Hoe giet it no fierder?
Is dit wat foar jimme? Dan kinst dyn foarkarren oan ús witte litte fia it formulier. We nimme dan nei 21 maart kontakt mei dy op. We wolle dan graach mei jim tegearre yn in gearkomste sjen hoe't we de plannen fierder útwurkje kinne. As der mear as 12 oanmeldingen binne, sille we in seleksje meitsje.

Is it neat foar jimme? Ek dat kinst witte litte fia it formulier. We sette jim dan op de list foar de oare plakken en sille foar 15 april witte litte wêr't en hoe let jim spylje kinne.
 
Wat zijn de plannen?
Bij de eerdere edities van de Slachtemarathon kon ieder korps of iedere muziekgroep zich individueel aanmelden voor een plekje langs de route. Dat hebben jullie ook nu weer gedaan en daar zijn we heel blij mee! Maar dit jaar willen we de muziekprogrammering net een beetje anders vormgeven.

Op drie plekken langs de route willen we dit jaar namelijk graag verrassende combinaties van muzikanten neerzetten. We denken dan bijvoorbeeld aan een een korps met een lokale solist/zanger/instrumentalist, een koor met een dj, een popband met een trekzakduo, etc.

Op die drie plekken zijn in totaal 12 van die bijzondere combinaties geprogrammeerd. De optredens duren ongeveer 45 minuten.
Wat vragen wij van jullie?
  • Ga op zoek naar die bijzondere combinaties. Dat kun je zelf doen (dan geef je jullie als combinatie op) of je kunt je als zelfstandige groep of individu aanmelden. Dan zoeken wij met jullie naar combinaties.
  • Tijd, energie en een open blik
  • Denk ook eens aan combinaties met bijvoorbeeld tekstschrijvers of dichters
  • Vind je het interessant? Meld je aan!
  • Ook als het niks voor jullie is, horen wij dat graag. Ook dat kan via onderstaande knop.  (En ook dan is er een plekje voor jullie langs de route!)
  • Reageren kan tot 21 maart
Laat het weten!
Wat bieden wij jullie?
  • Professionele begeleiding: de nieuwe combinaties krijgen professionele begeleiding
  • Professioneel geluid om de drie muziekplekken
  • Een ervaring om nooit te vergeten
  • Inspiratie
Denk er over na of dit bij jullie past. Het is anders dan voorgaande jaren en er wordt wel wat van jullie gevraagd in korte tijd. Maar het wordt ook een ervaring om nooit te vergeten. Bovendien kun je er - mede door de professionale begeleiding en de bijzondere combinaties - veel van opsteken en nieuwe inspiratie opdoen.

Tekstschrijvers en dichters
Ook tekstschrijvers en dichters zijn welkom. Zij kunnen zich ook aanmelden via het formulier. We zullen dat uiteraard ook op andere manieren bekend maken.
Vragen en antwoorden

Wat als wij dit niet willen?
Als jullie dit niet willen, is er ook gewoon een aantal plekken langs de route waar het net zo gaat als voorgaande jaren.

Mogen wij zelf de combinaties maken?
Wij zijn heel nieuwsgierig naar jullie eigen ideeën, dus laat ze vooral aan ons weten! We proberen iedereen die enthousiast is een mooie plek te geven. Ook als je niet meteen een combinatie weet, kun je je dus aanmelden.

Hoe gaat het nu verder?
Is dit wat voor jullie? Dan kun je jouw voorkeuren aan ons laten weten via het formulier. We nemen dan na 21 maart contact met je op. We willen dan graag samen met jullie in een bijeenkomst kijken hoe we de plannen verder kunnen uitwerken. Als er meer dan 12 aanmeldingen zijn, zullen we een selectie maken.

Is het niks voor jullie? Ook dat kun je laten weten via het formulier. We zetten jullie dan op de lijst voor de andere plekken langs de route en laten jullie voor 15 april weten waar en hoe laat jullie kunnen spelen.
Copyright © 2016 Slachtemarathon, All rights reserved.